Boek

De 3 klokketiers fan Koartsweagen

 

SKRIUWER | JANNY VAN DER MOLEN

 

Pier giet mei syn klasse op skoalreiske. Hy is tige teloarsteld as bliken docht dat se dit jier net nei in waadeilân sille lykas oars, mar nei Koartsweagen. Krammele. Koartsweagen. Dêr is dochs hielendal neat te dwaan?!

 

Mar as er mei Lars, syn freon, alfêst op Google-maps de kampearbuorkerij opsiket, krije se in idee. It hôf tsjinoer de pleats: soe der nachts wat te belibjen wêze? Noortje, dy’t ek altyd wol yn is foar wat aventoer, giet grif mei!

En sa begjint in frjemd ferhaal. In ferhaal fan klokken dy’t Pier wol heart, mar de oaren net. Fan in brief fan hûndert jier âld. Fan in klok yn Brabân, in klok dy’t werom moat nei Koartsweagen, om in man dy’t al lang dea is lokkich te meitsjen.

Krije Pier, Lars en Noortje– de 3 klokketiers– de klok fan 500 kilo in Koartsweagen?

 

 

De 3 klokketiers fan Koartsweagen makket diel út fan it LF2018-projekt De klok moat werom!

 

Ferskynt: begjin septimber 2018

Skriuwer: Janny van der Molen

Yllustraasjes: Monique Beijer

Utjouwerij: Bornmeer, De Gordyk

Priis: € 15,-

vragen en informatie: info@deklokmoatwerom.nl

Copyright. All Rights Reserved